Mukpop 2025
Mukpop Logo

Mukpop, in út de hân rûn eksamenfeest.

Yn in lyts arbeiderswentsje tusken Great Battens en it Tsjirkenêst yn de greiden ûnder Jorwert, betocht Frâns Kingma, alias ‘Mukkes’, yn 1979 dat hy in eksamenfeest jaan woe omdat er syn MAVO diploma helle hie. Freon Willem Dijkstra wie in jier earder al slagge mar hie gjin feest jûn. Dus tocht Frâns, waans saaklike talinten doe al opbloeiden, dat se dat moai tegearre fiere koene. Dan koene se de kosten diele. Sa sein sa dien. Frâns bestelde by Jan Dijkstra, de Jorwerter kafeebaas, 30 kratten bier. Mei trekker en wein helle hy de kratten op. En in spesiekuup mei wetter foar it kuoljen. De Kingma’s wiene op harren buorkerij drok mei de ûngetiid. Heawaar, elkenien moast meihelpe! Lykwols de middeis om 4 oere pykte Frâns der tusken út mei trekker en wein en ride nei Weidum. Willem en hy hiene regele dat de Weidumer band ‘FUC’ op it feest spylje soe. Op de souder fan it hûs fan dokter Haaima stie it ynstrumentarium. Dat moast nei Jorwert. De mannen hiene sa’n 70 freonen útnûge. De wein waard yn de tún fan it lytse wenninkje riden. Mei peallen en âld kuilbulteplestik waard in soarte fan tinte oer de wein makke en doe’t der wat pakken strie om de wein stiene, wie it klear foar it feest. De yntree wie 5 gûne en dan wie it frij drinken mei prachtige muzyk. It feest wie in grut sukses. Wat de beide mannen doe noch net yn de gaten hiene, wie dat dit it begin fan in Jorwerter tradysje wurde soe.

2-pdf.jpg 926.78 KB
In jier letter slagge  freon Ids Meinsma foar syn oplieding en woe in feest hâlde. Frâns tocht: ‘Och, dan doch ik ek wer mei’, en ek alle oare freonen wiene entûsjast. Diskear soe it yn de tún fan buorkerij’ it Tsjirkenêst’ hâlden wurde. Mar it strieminne reinige waar smiet dwerse kneppels. Frâns syn heit hie in idee. Miskien koe it yn doarpshûs ‘Ons huis’ hâlden wurde. Der wie eins mar ien lyts probleemke : de oare deis wie it  frouljuskeatsen. It gebou moast om 9 oere spik en span klear wêze as klaairomte. Dat waard ôfpraat. Ids hie it regele. Deselde opset as de jierren derfoar: yntree en bier foar 5 gûne. Diskear kamen der wol 120 minsken op ôf. As hearringen yn in ton harken se nei de muzyk en dronken bier. It wie in grut sukses. Guon kamen mei de auto troch it smelle strjitsje en rieden oan de foardoar fan it gebou ta. It tilde op fan de fytsen. It systeem fan ‘de all-in priis’ hie wol in neidiel: Oeral toarken lege bierfleskes om. En doe kaam de oare dei. Ier en betiid setten de mannen nei ‘Ons huis’. Oeral lei glês en drek. It wie in binde. Sa goed en sa kwea as it koe rommen de freonen mei in houten kop de boel op. Allinne de bierlucht koene se der sa hurd net út krije, dêr koene de keatsters dy dei harren klean hast wol oan ophingje. 

De folgjende twa jier waard it feest op it Tsjirkenêst hâlden. En, net ûnbelangryk, de Jorwerter filosoof Dr. Oelie (Theunis de Groot) hie in namme foar dit barren betocht: “Mukpop”. Heit Kingma wie wol klear mei Mukpop. Skoften neidat it ôfrûn wie, stiene der noch auto’s yn it lân en it opromjen bleau der ek wat by en dêr hie âlde Kingma syn nocht fan. Doe waard it spektakel ferlein nei it Mantgumerhúske. In tige grutte tún dus it festifal koe groeie. Sa waarden der djoerdere bands útnûge, der wie in biertap en der waard mei muntsjes foar bier wurke. Yn 1988 wie de tiid ryp om der in stifting fan te meitsjen. It bestjoer waard útwreide mei saakkundige minsken. Timmerman Joop Bootsma soarge foar de aloan grutter wurdende poadia en omballingen en rêde him ek mei de fergunnings. Omdat it Mantgumerhúske ferkocht waard, moast der wer in oare geskikte lokaasje fûn wurde. De bestjoersleden kamen út by de reidpôle achter Jorwert. In smûk plak mei rûnom beammen. Krachtstroom fan buorman Keimpe Koldyk mei wat help fan Willem Wonder (Willem Gierman) dy’t mei wat keunstgrepen it feilich foar gebrûk makke. Hierde húskes dy’t op de Jorwerterfeart útkamen. Tige lange slangen foar wetter by boer Jellema wei om de boel troch te spielen. It terrein wie yn it begin wat sompich, mar dat waard hieltyd better omdat Joop sa út en troch oan wat grûn komme koe, en sa waard de reidpôle heger en heger. Alle jierren waard it ferkrijen fan in fergunning dreger. Der moast fan alles komme. Draagbere tillefoans, EHBO en neam sa mar op. De drankfergunning rûn lykas wenst fia Jan Dijkstra fan it Jorwerter kafee. Bij de 10de edysje kaam Jan mei de eask dat hy 50% fan de omset hawwe woe. It bestjoer sliepte der min fan want dat koe net omdat se simpelwei dan net út de kosten kamen. Hoe no? Frâns wurke doe yn in bar yn Ljouwert. Fia syn baas koe hy doe ek wol in drankfergunning krije. Jan Dijkstra liet it der net by sitte. Hy nûge in delegaasje fan de Heineken brouwerij út om mei it bestjoer te praten. Lang om let kamen se ta in oerienkomst en sa koe Mukpop wer as fanâlds op de fergunning fan de Jorwerter kafeebaas draaie. Nei tsien jier begûn yn Weidum ‘een kleintje Mukpop’ yn it doarpshûs. It begûn serieus te wurden, fertelt Pier Koopmans : “We waarden benadere troch boekingsburo’s dy’t ús kasettebandsjes tastjoerden fan bands dy’t wol optrede woene”. Mukpop woe bands útnûgje dy’t gewoanwei net sa gau nei Fryslân ta komme soene. Mukpop boude in namme op. Stadichoan kamen der hieltyd mear minsken op dit barren ôf. Mei ‘Hallo Venray’ en ‘The Nozems’ op it poadium luts de organisaasje yn 1992 rom 2300 taskôgers. De PR fan Mukpop sloech foarbêst op : alle besikers krigen in Mukpopbutton, yn de wiken foar it Mukpopfestifal waarden der programmaboekjes ferkocht en al gau folgen petten, t-shirts en tassen mei Mukpop der op. By einstjebeslút groeide Mukpop út ta in soepel draaiende profesjonele organisaasje. It grutte tal minsken dat op Mukpop ôfkaam makke ek dat de bestjoersleden in swiere ferantwurdlikens droegen. Tidens de optredens koene de bestjoersleden net meigenietsje want se hiene it smoardrok mei derfoar soargje dat de jûn goed ferrûn. Der waarden hiel wat oerkes fergadere. Mei de feilichheidslju, de catering en gean sa mar troch. Lykwols binne der aldergeloks nea slimme dingen bard. 

De 15de edysje fan Mukpop soe twa dagen duorje wie it plan. Op de freedtejûn en de sneontemiddei derop soene der optredens wêze. De minsken koene in ‘Passe-partout’ keapje en der wiene kampearplakken beskikber njonken it terrein. Mar de belangstelling foar dizze foarm foel ôf. It grutste part kaam allinne de sneontejûns. Yn1994 wie it organisearjen fan sa’n grut barren foar de measten net mear op te bringen. Guon hiene bern en in drokke baan en geandewei bliek dat hillige fjoer dat Mukpop grut makke hie stiekem útdôve. Der is noch besocht om jonge bestjoersleden oan te lûken. Mukpop beskikte oer in goed budzjet dus der leine kânsen. Spitichgenôch is it net slagge. In lêste poging wie om it yn Jellum te organisearjen mei as tema ‘België’ dus mei bands út dat lân. Mar de sfear wie fuort. Der kamen fierste min minsken en dêrmei ferdwûnen ek de lêste reserves. En omdat der ek hieltyd mear festivals kamen wie de konkurrinsje ferskuorrend. It publyk koe mar kieze. It bestjoer naam it beslút om der mei op te hâlden.

4-pdf.jpg 1.5 MB
Dat der mei de merke altyd geniale plannen op de stamtafel komme sil jim grif ek wol witte. Mar faaks bliuwt it by plannen. Yn 2016 wie dit oars. Jorrit Meinsma soan fan Ids, stie neist Frans te migen yn de kroech, mei no Emke Dijkstra as kroechbaas. Jorrit kaam mei de wurden; Hoe moai soe it wêze as we Mukpop nochris organisearje? Frans reagearre entûsjast: “Ja dat soe wol hiel moai wêze, een soarte fan reüny”! Dat Frans fuort sa entûsjast reagearre wie wol opmerklik, Frans moat der faak earst oer neitinke. Moannen giene foarby mar beide manlju wiene dochs fan miening om it troch te setten. Der waard socht nei minsken foar yn de organisaasje mar dat wie dreech. Wol wiene der in soad minsken dy’t wol helpe woene as it safier wêze soe. Doe waard dochs mar in fergunning oanfrege. De gong by de gemeente kinne jo fêst wol i bytsje dus nei’t der wiken neat heard wie wie de gedachte oan in nij Mukpop al fier fuort.  En doe foel dochs op in dei de fergunning op de matte! Mukpop hie in reünyfeest! Dat slagge sa goed dat der oant no ta al wer in fyfde edysje oan sit te kommen fan it fernijde Mukpop.
12-pdf.jpg 971.48 KB
Fan 23 juny 2018 ôf is Mukpop dus wer opnij begûn. Mei Frans, Jorrit en Maarten. It earste jier wie dus ek in reüny mar omdat dat sa bêst befoel ha de mannen dit it jier dêrnei wer trochsetten. Doe kaam yn 2020 fansels Covid-19 wertroch we gjin Mukpop organisearje koene. In jier letter ha Frans en Jorrit it oerdroegen oan de Jeugd. 

Mei Janneke Blanke as foarsitster bestiet it bestjoer no út Jorrit en Hindrik Meinsma, Maarten en Rik Cosijn, Sjoerd en Gjalt Van Der Hem. Janneke wurdt holpen troch Tessa Bootsma.

Wy hoopje foar jim dat wy noch in soad jierren dit prachtige festival organisearje meie.

8-pdf.jpg 1.61 MB

© Copyright Mukpop - 2026

Spotify Spotify playlist